Lrc Player

De Alde Friezen

Eeltje Hiddes Halbertsma
[04:24.46]·
This lyric sheet isn't paired with a song yet, so lines are shown but won't sync or seek.

[00:11.49] Frysk bloed tsjoch op! Wol noris brûze en siede,

[00:18.27] en bûnzje troch ús ieren om!

[00:24.30] Flean op! Wy sjonge it bêste lân fan d'ierde,

[00:30.07] it Fryske lân fol eare en rom.

[00:37.85] Klink dan en daverje fier yn it rûn,

[00:46.40] Dyn âlde eare, o Fryske grûn!

[00:55.95] Klink dan en daverje fier yn it rûn,

[01:04.75] Dyn âlde eare, o Fryske grûn!

[01:13.55] Hoe ek fan oermacht, need en see betrutsen,

[01:20.32] oerâlde, leave Fryske grûn,

[01:26.34] Nea waard dy fêste, taaie bân ferbrutsen,

[01:32.43] dy't Friezen oan har lân ferbûn.

[01:39.96] Klink dan en daverje fier yn it rûn,

[01:48.74] Dyn âlde eare, o Fryske grûn!

[01:58.28] Klink dan en daverje fier yn it rûn,

[02:07.08] Dyn âlde eare, o Fryske grûn!

[02:16.64] Fan bûgjen frjemd, bleau by 't âld folk yn eare,

[02:22.67] syn namme en taal, syn frije sin.

[02:28.69] Syn wurd wie wet, rjocht, sljocht en trou syn leare,

[02:34.71] en twang, fan wa ek, stie it tsjin.

[02:42.24] Klink dan en daverje fier yn it rûn,

[02:51.01] Dyn âlde eare, o Fryske grûn!

[03:00.55] Klink dan en daverje fier yn it rûn,

[03:09.35] Dyn âlde eare, o Fryske grûn!

[03:19.14] Trochloftich folk fan dizze âlde namme,

[03:24.91] wês jimmer op dy âlders great!

[03:30.93] Bliuw ivich fan dy grize, hege stamme,

[03:36.95] in grien, in krêftich bloeiend leat!

[03:44.48] Klink dan en daverje fier yn it rûn,

[03:53.52] Dyn âlde eare, o Fryske grûn!

[04:02.79] Klink dan en daverje fier yn it rûn,

[04:11.58] Dyn âlde eare, o Fryske grûn!